Lekker soppe mei Foppe!

Nei een prachtige simmer, mei it 5e wer oan de kompetysje begjinne.
It sintsje skient en wy wolle natuurlijk winne.

Neidat Iris ûs hat ferlitte, bliuwt it 5e wol yn har famylje.
Nij een hussel sille no broer &suster de Jong bie ûs spielje.

Doe’t wy oan kamen wiene de klaaihokken nog ticht.
Dus alle mannen klaaiden him om efter de ramen gewoan ien it sicht.

De eerste wedstryd dy  spiele waard, wie ien Heechkerk ûnder lieding fan in bekende.
Wie kennen him allegearre, in echte Wéz Handich legende.

Dat kin fansels net misse, it is ús Gerjan Gorter dy kaam op syn scooter.
Doe’t hy binnen wie, koene wy begjinne oan it geploeter.

De wedstryd gie moai gelyk op, mar nimmen rekke strest.
Elkenien, mar foarol heit &mem dienen erg goed hun best!

Likernôch 2 minuten foar it ein, hie ús Henny nog efkes rûzje mei har rok.
Mar foar  wy it wisten fluite Gerjan ôf mei 14-12 op de klok.

De earste wedstryd hawwe wy dus krekt ferlen.
Freedtejûn tsjin te Pein yn Eastermar mar wer efkes sjen.

———————————————————–

It is freedtejûn mar der is rein, stoarm en ûnwaar besteld.
Mar gelokkich hat ûs BT Piet Paulusma even belt.

Want stoarm en ûnwaar kinne wy jûn net brûke.
Wetter jouwe wy neat om want wy binne net fan sûker.

Wy hawwe de Pein op it programma en dy hâlde net sa fan in buitsje.
Hja wolle eins net, mar dochs blaast ûs Ljibbe om 20:00 oere op syn fluitsje.

Yn plak fan op  gers, spielden sy leaver op papier.
Mar dêr hâlde wy net fan, wie spielje foar ús plesier.

De earste wedstryd hiene wy Michiel al mist.
Mar sels sûnder trening wist hy noch te scoren mei een spesjale twist.

Wietze hie op it ein noch in ijsbeentje krigen.
Mar dot wie net genôch om de wedstryd te ferlieze.

Mei 13-8 hiene wy ús earste punten binnen.
En berêde wy ús foar om oankommende snein al fan Lintjo te winne.

———————————————————–

It is sneintemoarn en elkenien komt oan op syn gemak.
Gelokkich kin dit ek, want it fjild leit noch op syn plak.

De shirtsjes waskje moast troch Taeke no wol hiel  snel.
Mar sien froulje wisten rie, en begûn in opvouw duel.

Wy hiene der allegearre sin yn, want wy mochten lekker soppe.
Dit hoechden wy gelokkich net allinne te dwaan mar dit diene wy mei Foppe!

Fân Janna har ideeën wurde wy bliid.
Allegearre goed besoppe mei Foppe begûn wy oan de striid.

De wedstryd hie een spannend ferloop.
Mar Lintjo naam de punten mei nei Oldeberkoop.

Mei in stân fan 8-11 waard der ôfloten.
Folgjende wike frij dus allegearer mar nei de ******

Mei syn allen mar in goed foarbyld oan de foarberieding fan Nynke en Saroya nimme.
De jûn fan yn it foar mar oan wyn, want dan kinne wy se wol berinne.

Ús tank giet út nei Sido dy’t op de bank hurd moast werke.
En in waarm wolkom foar Wichard die ús team komt fersterke.