De tûke, handiche oanhâlders.

Wy ha yn it 6e fan alles wat. In eks-basketballer, in pear dy’t froeger by de tûke smiters hearden, ien mei in Loanster fjochtersmentaliteit, in hiel soad oanhâlders, ien mei de roots fan de Pein en in pear handige famkes. Sa kinne wy yn ús tiim gebrûk meitsje fan elkoars kwaliteiten. Somstiden moat je eefkes trochsette en op in oar moment moat je it handich oanpakke.

Roreko 4 wie hjoed de opponent. Foarich jier yn de seal hiene we der ek al twa kear tsjin spile. Yn it roze boekje hiene we opsocht hoe’t doe it skoareferloop wie en wêr’t it gefaar wei komme soe. By beide wedstriden wie der net skoard troch de dames fan Roreko. By de taktyske besprekking waard dan ek ôfpraat dat yn elk fak de topskoarder oan bannen lein wurde moast. It fak fan Jakob mocht yn de oanfal begjinne en Roreko paste har oan, oan ús opstelling. Yn de earste helte koene we gjin ferskil meitsje, kamen sels in pear kear achter. Mei in frije bal makken we de 5-5, en doe’t de lêste sekondes weitikten en eltsenien rôp “sjitte”, makke Wobbe fan ôfstân 6-5. De twadde helte hiene we se aardich yn de tange. We rûnen út nei 9-5. En doe’t skiedsrjochter Ljibbe foar de lêste kear op de fluit blaasde wie it 11-7. It ferskil siet him der foaral yn dat by ús eltsenien wol in doelpuntsje meitsje kin en dat by harren fan in pear komme moast.
Doelpunten: Jakob 3, Wobbe 2, Betty 2, Janke 1, Sjoukje 1, Gerard 1, Anneke 1