De rympyt fan it 6e

Nei it ferslach fan 4e, kinne wy net achterbliuwe.

En moasten we it ferhaaltsje tsjin AVO ek wol op rym skriuwe.

Nei in reis mei omliedingen gongen wy nei Assen ta.

De iene Tom woe ús nei links en de oare Tom woe ús nei rjochts ha.

De basis fan de fakken stiet op it heden al wat fêst.

It fak fan Jakob start yn de oanfal en dat befalt bêst.

Nei inkele spylminuten waard der besletten.

Om de skieds mar yn syn himd te setten.

Syn shirt hie te folle blau en read.

En dat gong in oantal kearen op de kop ferkeard.

Yn it begjin wie AVO noch fol enerzjy.

En hâlden se it tempo fan de blauhimden by.

Sa kamen we op in stân fan trije-trije.

Dêrnei koene we troch Sietske, in moai gatsje krije.
Mei de stân fan 5-8 wiene we healwei.

En lústerden goed nei wat Wobbe sei.

De begjinbal gong as it slydjage hjoed.

Alle fariaasjes, yn beide fakken, slaggen goed.

Noch wat ynrinballen en in skot fan ôfstân.

En dan ha we it belangrykste wol hân.

Oan it ein stie der 11-18 op it boerd.

En dat hat Janke digitaal nei de KNKV stjoerd.

Foar it publyk: oare wike snein.

Dan spylje we foar de feroaring wer ris tsjin de Pein.

 

Doelpunten: Jakob 4, Christine 3, André 3, Sietske 2, Bonne 2, Janke 1, Gerard 1, Wobbe 1 en Anneke 1