It koe krekt

(Noordenveld 5-WH/DOW 6)

Sneintemoarn doe’t de rein mei bakken út de loft kaam, mocht it 6e nei Roden ta. Noordenveld 5, foar ús in ûnbekinde ploech. Oan de útslaggen koene we ek noch neat sjen, dit wie harren earste wedstryd op it fjild. Dat we moasten mar útgean fan ús eigen krêften. Gerard en Wobbe fûnen dat se der rjocht op hiene om yn de oanfal te begjinnen, dat wie de lêste kear ek goed útpakt. Gerard skeat dan ek fuort mei skerp lykas de minsken njonken ús op it fjild dy’t mei pylk en bôge oan it oefenjen wiene.
Ek it oare fak koe it net allinne goed ticht hâlde, it skoaren gong harren ek maklik ôf. Sa rûnen we moai út nei in 1-8 foarsprong. Noordenveld paste doe wat taktyske wissels ta en waard it al wat dreger foar de Friezen. Anneke moast foar it skoft noch ûnfrijwillich it fjild ferlitte en sa moast Betty der kâld yn.
Nei de tee kaam heryntreder, hurdrinner, hurdfytser en triatleet Jouke-Atze yn it fjild. Noordenveld wie de twadde helte aardich skerper, net allinne mei it skot mar ek mei it lichem en de mûle. En sa stadichoan kamen se hieltyd in stikje tichter by. We koene lokkich krekt in gatsje hâlde. Al wie it de lêste minuten wol billeknipen oan de kant. Mei in nipt ferskil 14-15 wie de buit binnen. Oare wike binne we wer tús te bewûnderjen.
Doelpunten: Gerard 7, Jakob 3, Betty 3, Janke 1 en Wobbe 1